Hearrenfean wint fan FC Köln

14 jan 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

SC Hearrenfean spile dit wykein yn it Spaanske Marbella in oefenwedstriid tsjin FC Köln. De Friezen wûnen mei 2-0 fan de Dútske Bundesliga-club. De goals kamen op namme fan Romano Dennenboom en Marcus Allbäck. Ynfalkeeper Barry Ditewig hâlde in penalty tsjin.

FVC spile foar de beker de útwedstriid tsjin haadklasser Achilles 94 en ferlear mei 3-1.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)