Nij bedriuweterrein by Koudum

14 jan 2002 - 00:00

De gemeente Nijefurd set de plannen foar in nij bedriuweterrein by Koudum troch. Wol moat it yn it lânskip passe en sil der in protte omtinken jûn wurde oan de bou, sa sei wethâlder De Vries.

De 'Stichting ta Behâld fan it Lânskip' yn Nijefurd hie beswier makke tsjin de plannen. In bedriuweterrein soe skea oanrjochtsje oan de natuer. Neffens de wethâlder is der gjin oare lokaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)