Jild foar boarterstunen Snits

13 jan 2002 - 00:00

Snits lûkt de ponge foar bern. De gemeente wol syn boartersplakken ferbetterje. Snits lûkt dêrfoar 130.000 euro út. Mei dat jild sille de boarterstunen opknapt wurde. Ek komme der nije tastellen.

Dêroerhinne besteget de gemeente nochris 45.000 euro oan feiligens fan de boarterstunen. De tastellen sille faker kontrolearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)