Hypermoderne feehal yn Wynjewâld

© Omrop Fryslân
De modernste feehallen fan it lân steane sûnt koart yn Wynjewâld. Dêr hat de famylje Ten Hoor in kompleks bouwe litten dat foldocht oan alle strange easken foar opfang fan en hannel yn fee.
Op dit stuit is der al geregeld hannel yn fee. Ten Hoor soe graach sjen dat de Ljouwerter feemerk nei har kompleks ferhuzet. Meikoarten set in spesjale skieppemerk út ein.