Michels werom yn Zeist

© Omrop Fryslân
It byld fan Rinus Michels is sneon troch âldjiersploech Vesuvius werombrocht nei Zeist. De ploech út Elsloo hie it byld yn desimber by de KNVB weihelle, as âldjiersstunt.
De KNVB wie 'not amused' en hat oanjefte dien by de plysje. Fierders wol it bûn in skeafergoeding ha. Vesuvius fielt dêr neat foar en hopet yn in petear mei de KNVB de kjeld út de loft te heljen.