Gearwurking wenningkoöperaasjes
Trije wenningboukoöperaasjes wurkje mei yngong fan freed gear yn in nije organisaasje: de Accolade-groep. It giet om de wenningstifting Haskerlân fan De Jouwer, Patrimonium fan Snits en Boukoöperaasje Hearrenfean.
Mei-inoar wurkje der sa'n 130 minsken. Doel fan de Accolade-groep is it ynnimmen fan in sterkere ûnderhannelingsposysje nei bygelyks de provinsje ta.