Máxima bliid mei CD Ramsey

© Omrop Fryslân
Kroanprins Willem Alexander en Máxima binne bliid mei de cd dy't opfanghûs De Terp makke hat. It ferske wurdt útfierd troch Terp-bewenner Ramsey en meiwurkster Greetje. It duo hat by de besite fan Máxima oan Fryslân yn oktober ferline jier ek foar it pear songen.
Ramsey en Greetje hawwe de cd nei it ferloofde pear stjoerd en ûnderwilens in betankbrief werom krigen.