Provinsje driicht wer mei boete

11 jan 2002 - 00:00

As de swierrichheden by Noordned oanhâlde, leit de provinsje it bedriuw in boete op. Der steane 24 treinstellen stil foar ûnderhâld. Dêrtroch rieden tongersdei gjin treinen tusken Ljouwert en Harns.

Ek yn Grinslân binne der problemen nei Noordned. Deputearre Bijman wol no prate oer in strukturele oplossing. Oars komt der in boete.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)