2001 min jier foar ierappelboer

© Omrop Fryslân
De Nederlânske ierappelboer hat neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk ferline jier folle minder goed buorke. De opbringsten sakken mei 1 miljard kg, 14 persint minder as yn 2000. Ek de opbringsten fan weet, biten en sipels foelen leger út.
De rispinge fan konsumpsje- en setierappels wie yn 2001 hast 15 miljard kilo, 17% minder as yn 2000.