'Leefbaar' mei Henk Westbroek
Leefbaar Leeuwarden nimt meikoarten in radiospotsje op mei Henk Westbroek, it gesicht fan Leefbaar Nederland. De politike partij, dy't takom wike it ferkiezingsprogram presintearret, nimt it spotsje op yn de studio yn Hilversum.
Spearpunten yn it program fan de Ljouwerter partij binne de drugsproblematyk, stedsfernijing, rekreaasje en toerisme.