Spul oer stik grûn yn Harns

10 jan 2002 - 00:00

Wa hat rjocht op de grûn oan de Nieuwe Willemshaven yn Harns? Neffens houtymporteur Hubert Jans, dy't de grûn pachtet, hat hy der mear rjocht op as in projektûntwikkeler dy't dêr bouwe wol.

It houtbedriuw, dat al 225 jier yn Harns sit, soe ferhúzje moatte. Op dat plak moat nijbou komme fan huzen en in jachthaven. De gemeente lit de rjochten fan it stik grûn útsykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)