Pantera wreidet út oer de grins
Rôfdiere-opfang Pantera yn Nijeberkeap sil útwreidzje nei it bûtenlân. Oan 'e ein fan dizze moanne wurdt út ein set mei de bou fan twa festigings yn Dútslân.
Op dizze wize wol de stifting har doel fierder stal jaan. Fierders hat de NCRV in dokumintêre makke oer Pantera. Dizze dokumintêre sil yn maaie útstjoerd wurde op de televyzje.