Argewaasje oer beammekap

© Omrop Fryslân
Der bestiet argewaasje yn Minnertsgea oer it kappen fan beammen. Neffens de gemeente hat de Oranjeferiening sûnder fergunning tsientallen beammen omkapt by it doarpshûs. Guon omwenjenden binne dêr net sa wiis mei.
De gemeente hat de sitewaasje woansdei besjoen en tinkt net dat der sprake is fan in oertreding, omdat se fuorthelle binne om oare beammen de rûmte te jaan.