Enkête oer leefberens

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Frjentsjerteradiel kinne oanjaan wat se fan har doarp of stêd fine. De gemeente wol yn gearwurking mei wenningbouferienings fia in enkête witte hoe't se tinke oer feilichheid, kriminaliteit en ferkearsoerlêst.
Ek fragen oer sfear yn de buert en grienfoarsjennings komme oan bar. Doel is om de enkête de kommende jierren te werheljen.