Provinsje lilk op Nuon wetter
De 55 ekstra banen dy't by it Wettersintrum Ljouwert komme soenen, komme net. Dêr is de provinsje lilk oer om't dy banen tasein wienen. Dat soe barre by wize fan kompensaasje om't it haadkantoar fan Nuon Wetter út Ljouwert ferdwynt.
De provinsje wol konkrete tasizzingen oer de makke ôfspraken.