Hantekens Skylge helpe net

© Omrop Fryslân
Stichting Ons Schellingerland hat tiis- dei mear as twatûzen hantekens oanbean oan de polityk fan Skylge. It wie in lêste besykjen de plannen foar in fol- slein nij gemeentehûs tsjin te hâlden.
De stichting sjocht folle mear yn it yn stân hâlden fan it besteande gemeente- hûs mei in nije oanbou. It hat neat holpen. De polityk hâldt fêst oan folsleine nijbou.