Mooglik gasboarrings yn Waadsee
De NAM krijt mooglik tastimming om nei gas te boarjen yn de Waadsee. De knoop sil by de kommende kabinetsformaasje definityf trochhakt wurde. Dat sei kabinetswurdfierder Littel tiisdei by de Ried fan Steat.
Dy behannele de beswieren fan de NAM tsjin it beslút fan de steatssekretaris om gjin fergunning te ferlienen. It kabinet sil it stânpunt wer besjen.