Hans Vonk spilet foar Súd-Afrika

© Omrop Fryslân
Hans Vonk moat dochs foar it nasjonale team fan Súd Afrika útkomme. Earder woe SC Heerenveen de doelman net gean litte. As it lân de finale fan de Afrikacup hellet, moat de Fryske klub it fjouwer wedstriden nei de winterstop sûnder Vonk dwaan.
Cambuur spilet de twadde helte fan de kompetysje yn in nij shirt. Time Out Sports is de nije sponsor fan de klub.