Kokkelders wize beskuldiging ôf

© Omrop Fryslân
De stjerte ûnder eidereinen is perfoast net de skuld fan kokkelfiskers, sa seit wurdfierder Holstein fan de fiskers. Hy is net ûnder de yndruk fan it NIOZ- rapport dat moandei presintearre is.
De 20.000 eidereinen soene ferhongere wêze, omdat der te min kokkels binne. Neffens Holstein bewize oare stúdzjes de ûnskuld fan de fiskers. Der soe ek sprake wêze fan in parasyt.