Wethâlder Van Pelt ûnder fjoer

© Omrop Fryslân
Wethâlder Van Pelt fan Smellingerlân hoecht net werom te kommen nei de ferkiezings yn maart. Dat hat er te hearren krigen fan syn eigen VVD-fraksje. Van Pelt hat no besletten om him as listlûker werom te lûken. Mooglik stapt er ek út de VVD.
De ledegearkomste hie Van Pelt yn novimber noch oanwiisd as wethâlders-kandidaat. De riedsfraksje is dêrop tsjin.