Doping yn fiedingssuppleminten
Sporters moatte better begelaat wurde as it om harren iten giet. Dat seit direkteur Van der Wal fan it bedriuw Nutrivital op it Hearrenfean. Dêr wurde û.o. fiedingssuppleminten makke dy't sporters brûke om wer op krêften te kommen.
Ferline wike waard bekend dat yn 25% fan dizze fiedingssuppleminten spoaren fan in dopingeftige stof sitte.