Parkeare mei gûnen yn Ljouwert

07 jan 2002 - 00:00

Automobilisten moatte yn Ljouwert noch altyd gûnen paraat hawwe, alteast foar de parkearmeters. Pas oan 'e ein fan dizze wike binne alle meters gaadlik makke foar de euro.

De automaten gean nei ferwachting moandei allegearre 'oer'. Dat jildt ek foar de parkeargaraazjes. De plysje jout gjin boetes op plakken dêr't inkeld mei gûnen betelle wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)