Mear kontrôle fakânsjehúskes

07 jan 2002 - 00:00

Skarsterlân wol stranger optrede tsjin it permanint bewenjen fan fakânsjewenten. Der binne seis bungalowparken yn 'e gemeente. Tritich huzen wurde it hiele jier troch bewenne. Seis jier ferlyn wiene dat lykwols noch 45.

Nettsjinsteande de ôfname seit boargemaster Kuiper dat de kontrôle noch wol better kin. De gemeente wol twa spesjale amtners oanstelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)