Bern (5) ferwûne by slaanderij

07 jan 2002 - 00:00

In 5-jierrich jonkje is snein ferwûne rekke by slaanderij yn in asylsikerssintrum yn Snits. Hy krige in skop, doe't syn heit mei in oare bewenner oan it fjochtsjen wie.

De heit rûn by de fjochtpartij in byt yn 'e foet op. Heit en soan moasten behannele wurde yn it sikehûs. De oare bewenner is oppakt en hat in prosesferbaal krige.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)