Glêdens falt ta yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Op ferskate plakken yn it lân binne snein ûngelokken bard fanwege glêdens. Benammen yn it suden en easten fan it lân diene him kettingbotsingen foar. In Nederlanner kaam yn België by in auto-ûngemak om it libben doe't er slipte en in peal rekke.
Yn Fryslân foel it ta mei de glêdens. Foar de kommende wike wurdt sêft waar ferwachte.