Better ûnderhannelje, fynt FNP

© Omrop Fryslân
De fertsjintwurdigers fan de provinsje Fryslân moatte better ûnderhanneljen leare. Dat fynt FNP-fraksjefoarsitter Van der Baan. Neffens Van der Baan komt hy te faak mei lege hannen werom út Den Haach.
Fryslân soe yn bestjoerlik opsicht ûnôfhinklik tinke moatte en him selsbewust opstelle nei Den Haach en de noardlike partners Grinslân en Drinte ta.