Boot wint swimmen op 100 meter

05 jan 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Paula Boot hat sneon op de Fryske winterkampioenskippen swimmen yn Snits de 100 meter skoalslach wûn. Har tiid wie 1.12,85. Der wie in soad publyk oanwêzich en der waarden in protte persoanlike rekords swommen.

In soad swimmers bleaunen binnen de NK limyt, wat betsjut dat se ein jannewaris meidwaan kinne oan it NK yn Maastricht. Der diene sneon 14 swimferienings mei.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)