IIswille yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Freed stiene de earste reedriders al op natueriis. Sneon krige dat massaal neifolging yn de provinsje. De froast liket net troch te setten, dus in soad minsken woene noch genietsje fan it moaie winterwaar wylst it koe.
Op in protte plakken wie de iisbaan iepen, sa ek yn Stiens. De pleatslike iisklub hat dêr krekt in nij gebou iepene njonken de iisbaan.