Wenhûs útbaarnd yn Reahel

© Omrop Fryslân
In fûle útslaande brân hat sneontemoarn in wenhûs yn Reahel folslein yn de jiske lein. De brân ûntstie yn in frijsteande wente oan de Fjouwerhústerwei op it stuit dat de bewenners de kachel oanmeitsje woene.
De bewenners, in echtpear mei in poppe fan 7 moannen, koene it fjoer net sels út krije. Doe't de brânwacht kaam wie der al gjin rêden mear oan.