Boeddhist beskuldige fan misbrûk

05 jan 2002 - 00:00

De oprjochter fan it Boeddhayanasintrum, Pierre Krul, wurdt beskuldige fan seksueel misbrûk. Krul, better bekend as Dhamma Wiranatha, soe tsientallen froulju it bêd yn lokke ha.

Trije fan harren ha koartlyn oanjefte dien by de plysje op it Hearrenfean. De plysje koe lykwols gjin strafbere feiten konstatearje. Krul ûntkent alles. It sintrum sit yn Makkingea en Easterwâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)