Freed al riders op natueriis

© Omrop Fryslân
Freedtemoarn stiene de earste riders al op it iis op de Ryptsjerkerpolder by de Grutte Wielen. It iis wie fan prima kwaliteit en sa sterk as in dyk, sa seinen de pioniers.
Op it stuit kin der op de Wielen noch net riden wurde, it iis is noch net fertroud. Op 'e Ryptsjerkerpolder is it lykwols al sterk genôch. Foarige moanne hat dêr ek al in groepke riden.