Oerslach Harnzer haven tanommen

© Omrop Fryslân
De oerslach yn de haven fan Harns is ferline jier mei 3 persint tanommen. Mei inoar is der foar hast 2,2 miljoen ton oan bygelyks ierappels, fiskprodukten, hout, sâlt en semint yn- en útladen.
De groei wie yn 2001 wat grutter as yn de jierren 2000 en 1999 en ek grutter as yn bygelyks Rotterdam. Omdat der wurke wurdt oan útwreiding fan de haven, wurdt ferwachte dat de groei noch tanimme sil.