Wer thúsbefallings Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
Swangere froulju yn Boarnsterhim kinne sûnt de earste wike fan jannewaris wer thús befalle. Trije ferloskundigen binne sels in ferlospraktyk begûn yn âldereintehûs Leppehiem yn Akkrum. De inisjatyfnimsters ferwachtsje jierliks sa'n 200 klanten.
Sûnt in jier wie it dien mei it thúsbefallen yn Grou en Aldeboarn om't it de húsdokters te folle tiid koste.