Mear oanhâldingen foar fjoerwurk

© Omrop Fryslân
Der binne dit jier folle mear jongelju oanhâlden foar it yllegaal ôfstekken fan fjoerwurk. Santich jonges út Fryslân hawwe in HALT-straf krigen, dat is fiif kear safolle as ferline jier. Lanlik wie it tal dit jier just folle minder.
It HALT-buro tinkt dat de plysje der yntern mear omtinken oan jûn hat. It buro ferwachtet noch mear oanhâldingen yn ferbân mei âld en nij.