'Asylsikers opnimme is plicht'

© Omrop Fryslân
Gemeenten ha in morele en demokratyske plicht om asylsikers op te nimmen. Dat sei boargemaster Bilker fan Kollumerlân yn syn nijjierstaspraak. Hy rôp gemeenten op it foarbyld fan syn gemeente te folgjen: troch oerlis in lokaasje sykje.
Nei tal fan ynsidinten kiest Kollumerlân foar in definitive lokaasje fan it azc nei in oerlistrajekt mei ynwenners, bestjoerders en ûndernimmers.