Publisiteitspriis foar KWS

© Omrop Fryslân
De Koninklijke Watersport Vereniging Sneek, KWS, hat fan de gemeente Snits de publisiteitspriis krigen. De priis is foar in organisaasje of persoan dy't de wetterstêd op de kaart set hat.
De KWS die dat troch Willem Alexander en Máxima út te noegjen foar de hurdsyldei. Om't it it earste offisjele optreden fan de ferloofde wie, kaam dat yn sjoernaals, kranten en oare media.