Bus NoordNed yn 'e brân

02 jan 2002 - 00:00

By Koudum ûntstie nijjiersdei brân yn in bus fan NoordNed. De bus stie krekt by in halte doe't in autobestjoerder de sjauffeur der attint op makke dat der reek út de bus kaam.

De passazjiers binne útstapt, wylst de sjauffeur besocht de brân te blussen. Dat slagge net. De brânwacht hat doe yngrypt. De oarsaak fan de brân is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)