Nauta is Marssumer fan 2001

01 jan 2002 - 00:00

Hans Nauta is útroppen ta Marssumer fan it jier 2001. Hy krige de ûnderskieding op Aldjiersjûn fanwegen syn fertsjinsten foar de doarpsmienskip. Hy levere ûnder oare in belangrike bydrage yn it sammeljen fan jild foar de restauraasje fan de NH-tsjerke.

Nauta krige in oarkonde en in gouden biezem. Dy ferwiist nei de eardere bynamme fan de Marssumers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)