Walvisvaarder is hotelkampioen

31 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Hotel De Walvisvaarder op Skylge is útroppen ta hotelkampioen 2002. Dat is de priis foar it hotel dat troch de gasten sels sjoen wurdt as it bêste hotel fan Nederlân. By de beoardieling wurdt tocht om saken as in goed bêd en in skjinne badkeamer, mar ek om gastfrijens en in goeie sfear. De ANWB rikt de priis op 8 jannewaris út op de Fakânsjebeurs yn Utert.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)