Fakkeloptocht en film op Skier

30 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In groep fan mear as 500 minsken hat sneontejûn meidien oan in fakkeloptocht fan de Rotaryclub op Skiermûntseach. De tocht begûn yn it doarp en einige by 't Hazenweitje.

By it Hazenweitje waard in film fan Dick Kool fertoand: 'Schiermonnikoog in de winter'. De opbringst fan de ferkochte fakkels, sa'n 3000 gûne, wurdt skonken oan in weeshûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)