Achmeatoer wurdt ynspektearre
De Achmeatoer, it heechste kantoargebou fan Fryslân, sil de kommende wiken nochris goed ynspektearre wurde troch arzjitekten en bouwers.
Freed waaide in grutte swiere granytplaat fan it gebou ôf en dat mei net wer barre. Lokkigernôch is der net ien ferwûne rekke troch de gevelplaat, mar it hie ek oars ôfrinne kind.