Sluting Bernebrêge in probleem

29 des 2001 - 00:00

Alden yn Bûtenpost sitte mei de hannen yn it hier no't de partikuliere berneopfang De Bernebrêge ticht moat. De opfang moat fuortdaliks ticht, omdat it gebou net brânfeilich is.

De âlden fan de 45 bern dy't der opfongen wurde, sitte no mei in probleem. De oare opfang yn it doarp hat in wachtlist. De berne-opfang wol sa gau mooglik mei de gemeente prate oer in oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)