Berne-opfang Bûtenpost ûnfeilich

© Omrop Fryslân
Berne-opfang De Bernebrêge yn Bûtenpost moat yn opdracht fan de gemeente Achtkarspelen fuortdaliks har duorren slute. De partikuliere berne-opfang foldocht net oan de brânfoarskriften.
Op de sliepkeamers binne nammentlik net genôch flechtrûtes. De maatregels om de berne-opfang direkt te sluten binne yngripend, mar neffens boargemaster Schmidt wol needsaaklik.