Omkriten Achmeatoer ôfsletten
In lyts gebiet om de Achmeatoer yn Ljouwert hinne is noch altyd ôfsletten foar autoferkear. Troch it stoarmwaar binne freed in pear izeren platen fan 'e toer nei ûnderen fallen.
Freed waard dêrom in grut gebiet om de toer hinne ôfsletten. Op it stuit binne de Sofialeane en de Prins Hendrikstrjitte ticht. Hoelang oft dat noch duorret, kin de plysje net oanjaan.