Fearboaten Doeksen farre wer
Fanwege de westerstoarm farden der freedtemiddei gjin fearboaten fan en nei Flylân en Skylge. De flugge Koegelwieck wie ek út 'e feart.
Fakânsjegongers koene troch it beslút it eilân of net ferlitte of net berikke. De boaten nei It Amelân en Skiermûntseach farden wol. Der stie freed in wynkrêft 10. Sneon farre de fearboaten wer.