Frysk Museum woansdeis fergees

27 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

As earste grutte museum yn Nederlân is it Frysk Museum yn Ljouwert fan takom jier ôf ien dei yn de wike fergees iepen. Keazen is foar de woansdei om't bern dan frij ha.

Steatssekretaris Van der Ploeg is in foarstanner fan fergese museumbesites. Friesche Vlag sponsort it museum sadat de ynkomsten dutsen wurde. It giet om in eksperimint fan in jier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)