Skuldhelp yn Dantumadiel

26 des 2001 - 00:00

Dantumadiel wol de help ferbetterje oan minsken dy't yn de skulden sitte. De skuldhelpferliening rint no net goed , om't ferskate ynstânsjes net goed op inoar ynspile binne.

Dantumadiel wol no ôfspraken meitsje mei maatskiplik wurk om de sitewaasje te feroarjen. Maatskiplik wurk sil de minsken tenei begeliede, by sosjale saken moatte se har oanmelde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)