Snitsers oanholden

26 des 2001 - 00:00

De plysje hat Earste Krystdei twa Snitsers oanholden. Se hiene yn Ljouwert twa man bedrige mei in fjoerwapen. In tredde persoan wie troch de twa sûnder reden slein.

By oanhâlding fersette ien fan de twa manlju him. Hy hie tefolle dronken. It die bliken dat er earder op 'e nacht ek al in ûngemak feroarsake hie. De man koe dêrom ek syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)