Dongwein yn sleat by De Lemmer

24 des 2001 - 00:00

Moandeitemoarn is in dongwein yn 'e sleat rekke. Dit barde tusken De Lemmer en Balk. De sjauffeur soe in broadsje pakke en ferlear dêrtroch de kontrôle oer it stjoer.

De wein is mei in teakelwein wer oerein set. Utsein dong is der ek oalje yn de sleat terjochte kaam. It wetterskip sil de sleat ôfdaamje. It wetterskip sit mear oer de oalje as oer de dong yn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)