Betizing oer ôffalstoffelist

24 des 2001 - 00:00

De ynfiering fan de Europeeske regels foar ôffalferwurking jout in soad betizing. Fan 1 jannewaris ôf giet de Eurol yn, de Europeeske ôffalstoffelist. De list jout oan hokker stoffen wol of net as gemysk ôffal sjoen wurde.

Yn Nederlân is al 20 jier sa'n list, mar dy is oars as de nije list. Stoffen dy't neffens de Nederlânske list bedriuwsôffal binne, binne aanst ynienen gemysk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)